Deistich bestjoer Wetterskip Fryslân bliuwt by taryfsferheging

11 des 2019 - 16:16

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân wol fêsthâlde oan de taryfsferheging fan trettjin persint yn ien kear foar boeren. Dat ha se woansdei bekend makke. Takom wike hat it algemien bestjoer fan it wetterskip noch it lêste wurd.

Neffens bestjoerder Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân wiene oare opsjes net goed mooglik. "Bygelyks de ferheging ferspriede oer fiif jier. Dat is ûnbesprekber, want dan sakje wy troch ús reserven hinne. Ek in sprieding oer twa jier biedt net in soad soelaas."

Boeren by gearkomste

Wetterskip Fryslân brocht in wike lyn it nijs dat se de tariven ferheegje wolle en foar de boeren soe dy ferheging delkomme op trettjin prosint foar takom jier. Dat smiet lilke reaksjes op by de boeren. Sy protestearren manmachtich by de gearkomste fan it wetterskip. Ek krigen guon bestjoersleden bedriigjende mails. Dykgraaf Paul van Erkelens neamde dy aksje 'ûnakseptabel'.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

As boeren takom wike wer by it wetterskipsgebou komme wolle, wol it wetterskip in goede gasthear wêze.

Ynvestearrings en skulden

Wetterskip Fryslân wol de tariven omheech dwaan, omdat se ynvestearje moatte en skulden ôfbouwe moatte. De lêsten foar ûnbeboude grûn geane dêrom yn 2020 mei trettjin persint omheech. It sprieden fan de ferheging, bygelyks fiif jier efterinoar 5,5%, soe de finansjele posysje fan it wetterskip te bot oantaaste, seit wetterskipsbestjoerder Bé de Winter.

It wetterskip nimt takom wike tiisdei definityf in beslút oer de taryfsferheging.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Bé de Winter en Jan van Weperen

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân taryf
(advertinsje)
(advertinsje)