Fryske en oare regionale oarlochsferhalen bondele op nije webside

Fryske oarlochsferhalen wurde by elkoar brocht op in nij lanlik platfoarm: 75jaarvrijheid.nl. Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen yn Nederlân bringe dy ferhalen oer de befrijing en de Twadde Wrâldoarloch op dy nije webside. Dat platfoarm is woansdei lansearre.
Oarlochsferhalen bondele op nije webside 75 jier frijheid
Yn de ôfrûne desennia binne tsientallen, miskien wol hûnderten ferhalen makke oer de Twadde Wrâldoarloch. Fan persoanlike portretten fan minsken dy't yn de oarloch wichtige aksjes op tou set hawwe, oant nijsberjochten oer monuminten yn de provinsje. Al dizze berjochten, foto's, reportaazjes en dokumintêres wurde no sammele en byinoar brocht op ien webside.
Op de webside kin socht wurde op ferskate tema's, lykas it deistich libben yn oarlochstiid, of it ferset, mar ek op regio. It lanlike platfoarm is ûnderferdield yn ferskate provinsjale websiden, dy't troch de eigen regionale omrop byhâlden wurdt.

75 jier frijheid

De Fryske webside sil de kommende moannen noch fierder útwreide wurde, benammen as de datum fan 75 jier frijheid tichterby komt. Njonken de nijsberjochten is it ek de bedoeling dat de webside in folslein oersjoch jout fan alle aktiviteiten dy't takom jier yn Fryslân yn april en maaie plakfine.
De site is earder al opset troch Omroep Gelderland, en wurdt no dus útrôle oer alle trettjin provinsjes. De regionale omroppen hawwe foar it Gelderske konsept keazen fanwege de heldere en oersichtlike opset.

Grutsk

Edwin de Kort (haadredakteur Omroep Zeeland) seit út namme fan alle regionale omroppen 'grutsk' te wêzen dat dizze gearwurking opset is. "Die samenwerking kon gerealiseerd worden dankzij belangrijke financiële steun vanuit het Vfonds. Het is bijzonder om te zien hoeveel informatie er door de regionale omroepen in al deze jaren is opgetekend. Dit platform onderstreept het nut en noodzaak van de regionale omroep als cultuurdrager en nieuws- en informatieverstrekker."
It lanlike platfoarm is te finen fia 75jaarvrijheid.nl en de Fryske site is direkt te finen fia friesland.75jaarvrijheid.nl.
It platfoarm is mei mooglik makke troch in gearwurking mei it Vfonds en it Nationaal Comité 4 en 5 mei.
© Kamp Amersfoort