Plysje fynt drugslab foar amfetamine yn Ljouwert; twa minsken oanholden

De plysje hat woansdeitemoarn op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert in drugslab fûn. Dat wie yn in loads oan de Ceresweg. It wie in lab om amfetamine te meitsjen. De plysje hat in 37-jierrige Ljouwerter en in man fan 52 jier út Zwolle oanholden.
Plysje fynt drugslab foar amfetamine yn Ljouwert; twa minsken oanholden
De plysje is op it stuit dwaande mei spoareûndersyk. Dêrby ha se in grut diel fan it yndustryterrein ôfset en in bestelbuske yn beslach nommen.
Der ha ek trochsikingen west yn hûzen en bedriuwspannen yn De Triemen, Ljouwert en Zwolle. Yn De Triemen wie de trochsiking yn in loads oan De Dôlle. Dêr waard ek in auto yn beslach nommen.

300 kilo yn de wike

De Landelijke Faciliteit Ontmantelen skat dat it lab kapasiteit hie om alle wiken sa'n 300 kilo amfetamine te meitsjen.
In kilo rûge amfetamine hat in wearde fan sa'n 1.200 euro.
Plysjesjef Cor Reijenga oer it drugslab yn Ljouwert