Sint-Nykster Arjen Postma wurdt nije trainer Flevo Boys

Arjen Postma fan Sint-Nyk wurdt takom seizoen trainer fan haadklasser Flevo Boys út Emmeloord. Hy is no noch trainer fan Zeerobben út Harns, dêr't er oan syn fjirde seizoen dwaande is.
Arjen Postma yn aksje as spiler by Flevo Boys yn 2016 © www.orange-pictures.nl
De 35-jierrige Postma hat ek jierren lang spile foar Flevo Boys. Hy hat 175 wedstriden spile foar de Emmeloorders. Tuskentroch hat er in koart útstapke makke nei Harkemase Boys.
Hy hat ek trainer west by Renado, De Lemmer en sûnt 2016 dus by Zeerobben. Syn nije klup stiet op it stuit op it 13e plak yn de Sneons Haadklasse B.
"Het voelt als thuiskomen", seit Postma op de webside fan syn nije klup. "Ik hoefde nog niet weg bij Zeerobben, het is een geweldige club. Het doet mij ook wel wat dat ik Zeerobben achter laat. Maar Flevo Boys is voor mij wel een stapje hoger, ik denk dat ik daaraan toe ben en draag graag mijn steentje bij om van Flevo Boys een stabiele hoofdklasser te maken."