Kollum: "De boer"

11 des 2019 - 08:31

"De boer dat is in keardel, it stiet heech yn de top 2000. Wol logysk dat Normaal sjongt dat de boer in keardel is, oars is it in boerinne. Dan hjit se leau ik Alie. No witte wy ek net goed hoe en wat in boer is.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Elkenien hat it tsjintwurdich oer 'de boeren', mar dat is hielendal net in ienriedich ploechje. Sterker, yn it Lânboublêd stie ferline wike in tige nijsgjirrich ferhaal oer dat it eins oarloch is yn dat boerefermidden. It waard skreaun troch in boer. Wy hearre dêr fierder net sa'n hiele folle fan, want de iene helte fan dy boeren is ferrekte stil.

Dêr sit ek wat opportunisme yn. Want as de oare helte boeren, dy't yn de media radikaal neamd wurde, bygelyks it wetterskip ynstappe, en se krije it jild der al ôf, ja, dan kinne je as stille moai meiprofitearje. Oan de oare kant soenen krekt dy swijende boeren graach lânbouminister Schouten de hân jaan wolle en har stypje mei de drege saken dy't se útfiere moat en sizze 'sa diene we it al, of sa sille we it dwaan'.

Dat dogge se noch net. Want de saneamde radikalen roppe noch te lûd. Rûchwei sitte se by Farmers Defence Force. Sieta van Keimpema fiert harren mei oan. Tidens de stakingen hie ik efkes it idee dat se aksje eins noch moaier fynt as it buorkjen.

De radikalen sizze no dat wy nije wike woansdei tige hurde aksjes ferwachtsje meie. En och heden as wy dan ús kalkoen net út it skap helje meie, no dan wurde wy like dwers, want sa sit de mienskip tsjintwurdich yn elkoar. Dan sizze we ynienen wer dat de boeren, alle boeren, smoarge profiteurs binne, dy't al iuwen subsydzje krije fan Europa.

Of fan de provinsje. De LTO yn Fryslân sei ferline wike ynienen ek dat de Fryske feangreide opkwikt wurde moat. Dat moat eins mei wetter, de boeren wolle dat tagelyk opheegje en dan drainaazje oanlizze. Dûbeld wurk, in kwak jild, mar Hoogland die de beurs iepen en dêr siet noch wol 35 miljoen foar feangreide yn. Grou jild foar wat boeren yn ús namme en dy fan de grutwinkels fertutearze ha. Der komme no proeven. Spitich dat se it dêrby ek ha oer de Hege Warren, dat is nutteleas. Dêr wol in oare deputearre, Avine Fokkens, wer safolle wetter by dwaan, dat frachtskippen nei Drachten farre kinne.

Der binne dus in soad boeren dy't net inkeld mar yn de kont hingje wolle en wol prate wolle. Der is sels in Lânbou Kollektyf oprjochte dêr't alle boere-organisaasjes yn sitte. Dy kamen lykwols mei in fierstente meager plan by lânbouminister Carola Schouten, dy't tinkt dat der folle swierdere maatregels needsaaklik binne. Se hat dat kollektyf yn in laadsje stoppe, te radikaal.

En yndied, ek it Fryske Lânbou Kollektyf rint efter de radikalen oan. Se easkje dat deputearre Johannes Kramer tsjin de minister seit dat boeren net minder stikstof útstjitte wolle, mar like folle as se wend wiene. As alle boeren dêr efter stean soene, dan is der neat mear mooglik. Mar Kramer is skitende benaud. Hy docht neat, kiest net tusken twa partijen boeren.

Dus komt der boere-oarloch. Oan de iene kant it radikale leger. Oan de oare kant de stillen. Soms yn groepkes, meast op harsels. Se komme amper fan de pôle en besykje dêr de wei yn te slaan dy't de wittenskip oanjûn hat. Eins moat boere-organisaasje LTO harren fertsjintwurdigje, mar dy hawwe ek dwerse bestjoerders, dus dy dogge neat. Se sille it no ûndersykje, dat is te let.

Sieta wint dy boere-oarloch. Dan wurde boeren lju dy't op de ien of oare wize oan ús desimbergefoel komme sille. En de yndied wat op in nuver stuit ferhege wetterskipslêsten net betelje, wylst wy dat likegoed wol dogge. As se dat net dogge, smite se harren lêste rêdmiddel ek fuort. It wetterskip wie dochs fan boeren?

Mar as de ôfgeande dykgraaf Paul van Erkelens seit dat de fêststelde sitten foar boeren yn it wetterskip better ferdwine kinne. Dat it miskien wol better is dat it belied fan it wetterskip tenei op politike wize bepaald wurdt. Dan bedarje we echt yn de earste fjildslach fan dy oarloch. Dan is it ek ús oarloch wurden."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)