Yn 1944 foel in bom yn Kollum: 'In famylje wie yn ien klap wei"

11 des 2019 - 16:13

In grut drama in Kollum 75 jier lyn: op 11 desimber 1944 foel in bom op it hûs fan de famylje Barkmeijer oan de Eskesstrjitte. Sân minsken kamen om. Fjouwer folwoeksenen en trije bern.

"Het was toen een grote klap voor het dorp, maar inmiddels weten heel veel inwoners van Kollum niet meer dat het is gebeurd. Daarom staan we er dit jaar bij stil", seit de 70-jierrige Jan Barkmeijer. De broer fan syn pake, Gerrit Barkmeijer, wie ien fan de sân slachtoffers. Ek Gerrit syn frou, harren trije bern en harren twa útfanhûzers, wêrfan ien omkesizzer, kamen om.

Hushalding Barkmeijer - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ut ûndersyk die bliken dat it om in Dútske bom gie. Op in diggel wie de earn fan de nazi's te sjen. "Maar waarom juist op dit huis de bom is gevallen is nooit duidelijk geworden. Vermoedelijk moest het Duitse vliegtuig zijn lading kwijt, omdat hij achterna gezeten werd door een Engelse jager", fertelt Barkmeijer.

'Tusken it pún lei Pieters brânwachtauto'

"Pech, pech en nog eens pech", seit de 81-jierrige Iko Zijlstra. Hy wenne yn Kollum doe't it barde. Pieter, syn bêste kammeraat, kaam om it libben. Hy wie seis jier âld. "Wy wiene like âld en boarten faak mei-inoar. Ik wit noch dat ik it hûs seach, hast hielendal yn pún. En dêrtusken lei de brânwachtauto fan Pieter. Ik frege ús mem oft ik dy krije koe. Pieter hie him toch net mear nedich? Mem sei fansels dat dat net koe. Ik wie in lyts jonkje, wist net hoe't ik der mei omgean moast."

Nei de oarloch komt it fertriet en de eangst. Iko Zijlstra skrikt wekker fan fleantugen dy't oerfleane en is bang dat der in bom smiten wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

No is der it gemis. Ferline wike wie de famylje by it grêf fan de famylje Barkmeijer. "No't ik hjir sa stean, moat ik wer oan Pieter tinke. Wy wiene hast op deselde dei berne. We hiene mooglik op deselde skoalle sitten, miskien hiene we ús hiele libben wol goeie kammeraten west."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In bomdiggel, leppel en persoansbewiis

Nei de oarloch is der op nûmer 40 op de fûneminten in nij hûs boud. Dêr groeide Jan Barkmeijer op. Wat oerbleaun is, is in bomdiggel, in leppeltsje en in persoansbewiis. Dy trije dingen binne út it pún helle. Dêrnjonken fansels oantinkens, dy't de famylje ferline wike op it begraafplak yn Kollum mei-inoar dielde. Dêr waarden blommen lein en sân kearskes brând. "Het is belangrijk dat we dit doen. Het is verschrikkelijk. Een hele familie in één klap weg."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De slachtoffers wiene Gerrit Barkmeijer (49), Richtje Barkmeijer-de Boer (42) en harren trije bern Trientje (13), Pieter (6) en Grietje (4). Yn it hûs wiene ek noch twa útfanhûzers dy't oan inoar fersein wiene: Reinder Rintjema (26) en Bertha Vries (20). Bertha wie in omkesizzer fan Gerrit Barkmeijer.

Gerrit Barkmeijer

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Kollum oarloch bom
(advertinsje)
(advertinsje)