Earste stappen nei Nieuw Oud Oost: de nije buert op it âlde Cambuurstadion

Mei ynwenners, organisaasjes en supporters is tiisdei in begjin makke foar de plannen mei de nije wyk Nieuw Oud Oost yn Ljouwert. Dy wyk komt op it plak fan it hjoeddeiske Cambuurstadion. Op in gearkomste yn it stadion binne ferhalen en ideeën útwiksele. Njonken projektlieder Bernhard Bijma wie ek wethâlder Hein de Haan oanwêzich.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Wat moat it wurde mei de wyk Nieuw Oud Oost yn Ljouwert as Cambuur aanst fuort is? Die fraach waard tiisdei oan de bewenners foarlein yn it Cambuurstadion. Wat is it DNA fan de wyk, wat binne de winsken, wat moat der yn de plannen werom te finen wêze takom simmer?

Plannen yn simmer 2020

Yn de simmer fan 2020 moatte der trije plannen klear lizze foar de wyk. Yn fiif stappen wol de gemeente úteinlik nei ien plan komme. Tiisdei begûn de syktocht nei it DNA, dan is it de bedoeling dat der trije projektteams komme dy't trije ferskate plannen meitsje dy't dêrnei op in ynformaasjemerk presintearre wurde.

Grien, bernfreonlik, Cambuur

De belangstelling wie aardich grut tiisdei, in soad oanwêzigen fregen om griene, bernfreonlike plannen mei ferwizingen nei Cambuur.
Ferslachjouwer Willem de Vries frege him ôf: wat is it DNA fan de wyk?