Douwe Heeringa grutsk op 'Kryst mei Douwe': harkers oer de hiele wrâld

10 des 2019 - 20:47

By Omrop Fryslân is hjoed-de-dei wer Kryst mei Douwe te beharkjen. De non-stop krystmuzyk-stream is op dit stuit de meast populêre temastream by de omrop. Dêr is presintator Douwe Heeringa tige wiis mei. It docht ek bliken dat de harkers oeral sitte. "It is echt in ynternasjonale miks. Spanje, Amearika, Australië, sels út Sina wei. Dat fyn ik in grut komplimint", sa seit Douwe.

Foto: Omrop Fryslân

Douwe Heeringa besiket unike krystmuzyk út te sykjen. "Ik haw hielendal it grau net oan Mariah Carey, mar it is wol sa dat je mei de krystdagen altyd wer deselde nûmers foarby hearren komme. Jierren lyn tochten ús technikus Martin Wijbenga en ik: wy kinne ek wolris efkes oare muzyk gearstalle om in stream te meitsjen. Dat dogge wy yntusken al jierren, en elts jier komt der wer wat foarby."

Unike krystmuszk

Dêrby wol Douwe sa ferrassend mooglik wêze. "It measte komt út myn eigen kolleksje, dat sykje ik yn de simmer faak út. As it hiel waarm is gean ik yn de krystsfear sitten. Dan fyn ik bygelyks in Sweedske groep mei in Palestynske sjongster dy't in krystplaat makke hawwe. Dêr steane sokke moaie nûmers op. Ek wol bekende lieten, mar sy sjongt yn it Palestynsk en de oaren yn it Sweedsk, dan krije je tige bysûndere dingen."

"Minsken appe al yn septimber"

De kryststream wurdt hieltyd mear bekend. "Minsken begjinne my al yn septimber te appen", seit Douwe. Wat makket foar him no in goeie krystplaat? "It gefoel, de sfear. Foar my binne de krystdagen 'ferstilling.' Mar ek mei alles derop en deroan, bygelyks Disney-dingen as Frank Sinatra: oer de top mei koaren derby. Ien fan myn favoriten is Anne Sofie von Otter, in Sweedske sjongster. Mar bygelyks ek Kurt Nilsen, dy't in prachtige stim hat."

Douwe Heeringa oer syn 'Kryst mei Douwe'

(advertinsje)
(advertinsje)