Hieltyd mear organisaasjes tsjin nije wynenerzjyregels fan provinsje

11 des 2019 - 07:50

Hieltyd mear organisaasjes en partijen litte witte dat sy neat sjogge yn de nije regels fan de provinsje foar wynenerzjy. De provinsje wol de regels sa feroarje dat mear wynmûnen mooglik wurde. Mar dêr sitte neffens ferskate organisaasjes en politike partijen safolle restriksjes oan fêst dat it sa ûnmooglik wurdt om wynmûnen oan te skaffen of rendabel draaie te litten.

In doarpsmûne by Reduzum - Foto: Omrop Fryslân

Under oare Enerzjy Koöperaasje Garyp lûkt oan de belle. De koöperaasje hat goed 200 leden en besiket it doarp Garyp ierdgasfrij te meitsjen. Ien fan de meast foar de hân lizzende opsjes is in doarpsmûne, skriuwe sy. Dêr is draachflak foar fan de mienskip út en de opbringsten kinne ek yn it foardiel fan it doarp wêze, it is sirkulêr dus.

Behindering fan de mienskip

Neffens de koöperaasje behinderet it 'Ontwerp wijziging Verordening Ruimte' fan de provinsje de duorsume inisjativen út de mienskip wei. By Garyp giet it spesifyk om in oanfolling fan it sinnepark Griene Greide, dat stroom produsearret foar 1.700 húshâldens. De opbringsten geane werom nei it doarp fia in Mienskipsfûns foar allerhanne projekten. Om dat projekt út te wreidzjen soe it neffens de koöperaasje moai wêze as der ek in doarpsmûne kaam.

Ek út de polityk wei

De fraksjes fan D66 en CDA yn de ried fan Smellingerlân tsjinje tiisdei in moasje yn dy't om ferromming fan de regels freget. Earder utere ek fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan ChristenUnie yn Provinsjale Steaten al beswier tsjin de provinsjale wynplannen.

Foarsitter Gjalt Benedictus

(advertinsje)
(advertinsje)