F-16's oefenje troch hurde wyn net boppe de Noardsee, mar boppe provinsje

10 des 2019 - 22:24

Fan 9 oant en mei 12 desimber oefenje F-16's fan fleanbasis Ljouwert by jûntiid, yn it tsjuster, om harren ta te rieden op eventuele misjes. It is de lêste wike dat der dit jier flein wurdt. De F-16's sille tiisdeitejûn lykwols in oare rûte fleane as dat pland wie, seit definsje. Dat komt troch de hurde wyn.

Noardwest-Fryslân by nacht fan de romte út sjoen, mei Ljouwert yn de midden - Foto: André Kuipers

It wie de bedoeling dat de F-16's boppe de Noardsee fleane soene tiisdeitejûn, mar troch de wyn is dat net feilich genôch. Se fleane dêrom boppe de provinsje. Dat kin foar wat mear oerlêst soargje as normaal. Der wurdt flein oant maksimaal 23.00 oere, sa as eltse jûnsoefening.

Trefwurden: 
hurde wyn definsje F16's
(advertinsje)
(advertinsje)