Gemeente Ljouwert kontrolearret wynmûnen nei omfallen eksimplaar yn Jorwert

10 des 2019 - 17:24

De gemeente Ljouwert hat in tal wynmûnen kontrolearre, nei oanlieding fan it omfallen fan de wynmûne yn Jorwert, ôfrûne wykein. Wat de oarsaak dêrfan west hat, is noch net dúdlik en wurdt noch ûndersocht.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Wol is dúdlik dat de mûne oan de Hesenserreed ôfbrutsen of ôfskuord is op de hichte fan de ûnderste lask yn de mêst. Dêr is in tal oare mûnen no ek op kontrolearre. In selde soart mûne oan deselde dyk hat de eigener út foarsoarch stilset, omdat dy ticht tsjin bebouwing oan stiet. Ut kontrôle hat bliken dien dat der oan dizze mêst neat mankearret.

Yn Bears is ek in mûne fan itselde type kontrolearre, dy stiet al in skoftsje stil. Dêr mankearre ek neat oan. Twa mûnen yn Jellum en Baard fan it type Lagerwey binne ek besjoen. Dy steane fier genôch fan de bebouwing ôf en smite yn dy sin gjin gefaar op, seit de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)