'Skoalbestjoeren byinoar roppe om te praten oer it fak Frysk'

10 des 2019 - 17:25

It past de provinsje net om as tafersjochhâlder op it Frysk yn it ûnderwiis op te trêden. Dat seit bestjoerslid Freddy Weima fan advysorgaan DINGtiid. Deputearrre Sietske Poepjes sei ferline wike dat sy graach wol dat it tafersjoch op it fak Frysk by de provinsje leit, as reaksje op in rapport fan de Underwiisynspeksje.

Foto: Omrop Fryslân

"Wy hawwe earder de Taalskipper yn it libben roppen, in partij dy't de rezjy nimt oer it Frysk", seit Weima. "De provinsje woe dy rol graach pakke. Dat is in bestjoerlike rol. De rol fan tafersjochhâlder is echt oars. Ik tink dat it dreech is om dy rollen tagelyk te hawwen."

Neffens Weima kin de provinsje as Taalskipper noch hiel wat dwaan. "Wat neffens ús hiel wichtich is, is dat alle skoalbestjoeren no byinoar komme. Wat my oanbelanget ûnder foarsitterskip fan de deputearre. Se moatte prate oer it ynspeksjerapport en oer hoe't it better kin."

Ynspeksje: Frysk op skoallen net goed genôch

De Underwiisynspeksje konkludearre dat it Frysk op skoallen noch hieltyd net goed genôch is. Skoallen fine it ek dreech om it fak goed te jaan. Dêrnjonken wurkje de tydlike ûntheffingen net goed. De bedoeling fan dy ûntheffingen is dat in skoalle har better oanslute kin by de taalbehearsking fan de trochsneed learling. It effekt is lykwols faak dat it ambysjenivo te leech bliuwt.

"De hiele stipestruktuer om de Fryske taal en it Frysk yn it ûnderwiis hinne is no noch te bot fersnippere", seit Weima. "It berikt de skoallen net goed genôch. Der is genôch lesmateriaal, soms ek hiel goed materiaal, mar dat komt de skoallen dus net binnen."

Net allinnich negatyf

It is net allinnich mar negatyf, seit Weima. "De learlingen fine it Frysk wol belangryk as fak, ek foar eigen takomst op de arbeidsmerk. Wurkest bygelyks yn de soarch, dan is it ek hiel wichtich datst it Frysk goed behearst."

Freddy Weima fan DINGtiid

(advertinsje)
(advertinsje)