FIDEO: is Bakkefean in 'Blue Zone' wurden?

10 des 2019 - 17:06

Yn Bakkefean is húsdokter Jon Brouwers al in skoft drok dwaande om it doarp ta in 'Blue Zone' te meitsjen. De basis fan dy saneamde 'Blue Zones' is better ite, mear bewege en benammen it sosjale aspekt fan echt kontakt mei inoar. Neffens de húsdokter smyt dat al moaie resultaten op. Minsken falle ôf en binne fitter: it is minder drok op it sprekoere.

Der bart yn Fryslân al in soad op it gebiet fan sûnens en duorsumens. In soad fan dy maatregels byinoar kin liede ta sa'n 'Blue Zone.' Dat is in inisjatyf fan ûnder oare enerzjykommissaris Bouwe de boer en sportcoach Tjalling van den Berg.

(advertinsje)
(advertinsje)