Dizze twa bruorren lieten it hier 4 jier groeie, foar Stichting Haarwensen

Fan famkes binne wy wol wend dat in soad harren hier hiel lang groeie litte. Mar jonges dy't dat ék dogge? En dan fjouwer jier lang? Dat is wol hiel bysûnder, mar dit is wol wat Renze-Marijn (12) en Fedde-Corné (11) Holwerda dien hawwe. Tiisdei kaam de kapper lykwols by harren op de Prins Bernhardskoalle yn Kollum, want de jonges lieten it hier groeie foar in goed doel: Stichting Haarwensen.
Hier knippe yn Kollum
Renze-Marijn fertelt graach hoe't sy op it idee kamen: "Het begon toen ik meiden hun haar zag laten knippen voor Stichting Haarwensen. Toen ik hoorde dat het ook voor jongens was, dacht ik: dat wil ik ook doen. Er worden pruiken van gemaakt. Voor meiden én jongens."
Tegearre mei Fedde-Corné hat hy syn blonde hier lang groeie litten. Heit Wieger fûn it wol in goed idee. "Myn frou hat der it measte wurk fan. Dy moat it yn 'e ploai krije moarns." Mem follet oan dat it noch bêst in soad wurk is. "Het is net als de man flu, probeer die jongens maar eens te kammen 's ochtends, dat gaat met sirenes."
© Omrop Fryslân

Ynienen teeners

It wie tiisdei lykwols de lêste kear, want de kapper hat de lange lokken der ôf helle. "Het is wel fijn, minder werk," laket mem. "Ze zijn nu ineens tiener geworden, vind ik. Het zijn grote jongens ineens. Fijn dat het haar eraf is."

Doel útlizze

It hat foar de jonges somtiden wolris dreech west. Op skoalplein mei in sturtsje. As der noch gjin begryp is, is it efkes wenne foar de bern. "Mar doe't sy mei de master útlein hawwe wêr't it lange hier foar wie, is it hielendal goedkaam," seit heit.
Op dit stuit is it op 'e nij wer efkes wennen, no oan it koarte hier. "Ik denk dat het wel koud op het hoofd gaat worden," seit Fedde-Corné.
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer
Wat fine Renze-Marijn en Fedde-Corné sels fan de knipbeurt?