Kramer noch net akkoart mei stikstofregels, hy wachtet op advizen Remkes

10 des 2019 - 22:25

Provinsje Fryslân giet net samar akkoart mei de nije beliedsregels foar it werombringen fan de stikstofútstjit, sa't minister Schouten en alle provinsjes dat earder meiïnoar ôfsprutsen hawwe. Deputearre Johannes Kramer wol earst dúdlikens hawwe hoe't it komt mei de foarstellen fan de kommisje Remkes oer it weidzjen fan kij en it útriden fan dong.

De kommisje Remkes komt ynkoarten mei in advys dêroer. In pear wiken útstel kin it wol lije, seit Kramer. Fryslân is de iennige mei dit foarbehâld.

It advys fan de kommisje Remkes is neffens deputearre Johannes Kramer wichtich. "En it kin fan grutte ynfloed wêze op de agraryske sektor yn Fryslân en op de beliedsregels. Wy wolle earst witte wat it kabinet dêrfan fynt foar't wy dizze beliedsregels fan krêft wurde litte," seit Kramer.

Kramer: "Oan de iene kant binne wy it ynhâldlik iens mei wat der mei Ryk en provinsje ôfsprutsen is, dêr hawwe wy ek ynfloed op hân en yn meisprutsen. Mar wy meitsje wol in foarbehâld: der moat earst wol dúdlikens wêze oer it weidzjen en dongjen."

Fergunningen

Kramer soe it net moai fine as boeren in fergunning oanfreegje moatte as sy de kij nei bûten hawwe wolle. "Dêr binne wy net foar, dat is net praktysk. Mar de Ried fan Steat hat sein: as jo it fee nei bûten ta hawwe wolle of jo dong oer jo ikkers struie wolle, dan is dêr in fergunning foar nedich." Neffens de deputearre is dat fan belang foar in lânbouprovinsje as Fryslân.

"As wy dêr op 'e nij fergunningen ferliene moatte dan komt dat der ek nochris by. Der moat ek stikstofromte foar wêze. Dêrmei steane de beliedsregels wer op losse skroeven. Ik gean der fanút dat dy fergunningplicht tafalle sil, mar ik wol wol krekt witte wat it kabinet dêroer beslút."

It is benammen in sinjaal foar it kabinet. "Wy sizze tsjin it kabinet: dit is foar ús in wichtich ûnderwerp. Wy sjogge ek dat it sear dwaan sil. Jo hawwe in oar belang as de bousektor of transportsektor. Dit kin net pynleas, ek de sektor lânbou sil wat ynleverje moatte."

Hat it foarbehâld neidielen?

Hat it foarbehâld fan Fryslân gjin neidielen? "Fansels wolle wy ek leaver fergunningen ferliene foar Fryske boeren en bouwers. Mar wy hawwe ek murken dat it mei de Fryske bousektor noch wol tafalt: 70-80 persint fan de boufergunningen wurdt noch ferliend troch gemeenten. It makket it probleem fan in oare oarder as bygelyks yn Súd-Hollân of Noard-Brabân."

Dêrom kin it neffens Kramer wol in pear wiken lije. "Leaver net fansels, mar wy fûnen wol dat om't it advys oer it dongjen en weidzjen der oan komt dat it wol tige frjemd is dat jo it de iene dei fêststelle en de wike derôp it wer yn it jiskefet kin, alles moat wer opnij. Dêrom sizze wy: ynhâldlik kinne wy ús der wol yn fine, mar sy wurde noch net fan krêft."

Johannes Kramer oer it foarbehâld fan provinsje Fryslân

Arno Brok, Johannes Kramer en Avine Fokkens - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)