Show Fuerza Bruta nei foaren helle om ferwachte hurde wyn

10 des 2019 - 16:35

De foarstelling fan Fuerza Bruta yn Ljouwert is tiisdeitejûn nei foaren helle. Troch de hurde wyn dy't ferwachte wurdt, begjint de show fan it Argentynske selskip al om 18.15 oere. Alle besikers binne fia e-mail, telefoan en sosjale media op 'e hichte brocht, skriuwt de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân

Al sûnt it begjin fan de foarstellingsrige wurdt Fuerza Bruta teistere troch hurde wyn. Ofrûne wike tongersdei moast de premjêre al nei in pear minuten ôfbrutsen wurde. De premjêre krige ôfrûne freed in twadde kâns.

Jan Van Erve, producent Brave New World Producties, wol foarkomme dat de show fan tiisdeitejûn ôfbrûtsen wurde moat en komt dêrom mei in nij tiidstip. Neffens organisator Claudia Woolgar is it net in maklik beslút, sa krekt foar de show, mar "het is wel de enige juiste beslissing".

De organisaasje hâldt de waarsferwachtingen foar de kommende dagen goed yn 'e gaten. Alle shows geane sa as it no stiet gewoan troch. Van Erve: "Over eventuele wijzigingen in het programma informeren we natuurlijk zo snel mogelijk."

(advertinsje)
(advertinsje)