Gjin toer, dan in krystbeam op it stedhûs fan Boalsert

Boalsert wie der krekt wer oan wend dat it stedhûs it efkes dwaan moat sûnder tuorke, doe't der tiisdeitemoarn ynienen wat oars boppe-op it âlde gebou stie: in krystbeam. De krystbeam is mei mooglik makke troch de ûndernimmersferiening yn de stêd. It putsje om de beam nei boppe te tillen lei yn hannen fan kraanmasinist Reitze Woudstra.
© Petra Kroon
"As kraanmasinist bist in spil yn it bouproses fan de ferbou fan it stedhûs," seit Woudstra. "De útfierders bellen my op om te sizzen dat ik dy krystbeam mar efkes omheech tille moast. Wy hawwe de beam fan 7 meter earst oerein set."

Hurde wyn

It wie noch wol in putsje, mar dat kaam benammen troch de wyn. "De wyn dy luts sa ferrekte oan, ik sei: dit dogge wy sa net. As wy no ferstannich binne, dogge wy it moarnier. No is it hjoed om 8.00 oere dien doe't it ljocht wie. Wy hawwe it foarsichtich nei boppe takele, dêr is it oanpakt en fêstset."
Neffens kraanmasinist Woudstra stiet de beam goed ferankere. "Ik hie krekt efkes wynkrêft acht hjir yn Boalsert, mar hy stiet noch hieltyd. Wy hawwe him goed fêstset! Ik sit hjir hast op 40 meter, fol yn de wyn."

Tariedingen

Nettsjinsteande dat duorre it delsetten net iens lang. "Wy hawwe goede tariedingen makke. De operaasje sels duorre mar in kertierke, it tillen, oanpakken en fêstmeitsjen. Mar de tariedingen en it neitinken oer it fêstsetten duorre langer."
Reitze Woudstra is tige grutsk op de beam. "Hy baarnt al, der is ek in ljochtslang trochinne draaid. Krystballen kin mei dy wyn fansels net, mar de slang sit goed fêst."
Kraanmasinist Reitze Woudstra oer de bysûndere put