Drachtster dy't auto's yn 'e brân stuts skuldich, mar krijt gjin straf
In 30-jierrige Drachtster is tiisdei skuldich ferklearre foar brânstichting, mar hy hat gjin straf krigen. Neffens de rjochter is de man net tarekkenber.
Yn juny stuts de man oan de Hagewyk yn Drachten auto's fan syn heit en in buorman yn 'e brân.
De rjochtbank yn Ljouwert hat him fanwege syn geastlike tastân gjin straf oplein. Wol moat de Drachtster fan de rjochter in jier lang nei in psychiatrysk sikehûs.