Gjin ferfolging foar plysjes dy't belutsen wiene by deadlik ynsidint GGZ-ynstelling

Der komt gjin strafrjochtlike ferfolging nei de plysjeminsken dy't belutsen wiene by in ynsidint by GGZ-ynstelling Jelgershûs yn Ljouwert. By dat ynsidint kaam yn augustus in 42-jierrige man om it libben.
Foto fan woansdei 31 july © CAMJO media / Robert Jan Boonstra
De plysje krige ein july in melding fan in fjochtpartij by de GGZ-lokaasje oan de Borniastrjitte. Der wie doe ek brân yn in keamer fan ien fan de kliïnten.

Ferstoarn yn sikehûs

Doe't de plysje oankaam, koene se ien fan de pasjinten net maklik ûnder kontrôle krije. Dat wie de 42-jierrige Ljouwerter. Hy fersette him bot, skriuwt de plysje. Nei't plysjemeiwurkers holpen, krigen se de man wol ûnder kontrôle. Koart dêrnei waard de man lykwols net goed. Hy waard reanimearre en nei it sikehûs brocht. Dêr is er in pear dagen letter ferstoarn.

Undersyk: gjin ferbân tusken geweld en deadsoarsaak

De Ryksresjerzje hat ûndersyk dien nei it hanneljen fan de plysjes. Dêrút hat bliken dien dat der gjin ferbân is tusken it geweld dat de plysje brûkt hat en it ferstjerren fan de pasjint. Wêroan't de kliïnt wol stoarn is, is net dúdlik wurden. Ek net nei ûndersyk fan it forinsysk ynstitút NFI.
Neffens de Ryksresjerzje wie it rjochtfeardige dat de plysjes geweld brûkten om de man ûnder kontrôle te krijen.