HEA! Lemster Dickens Festijn komt deroan!

10 des 2019 - 14:33

Dit jier sil foar de fjirde kear it Dickens Festijn op De Lemmer hâlden wurde. De tariedingen foar dit evenemint yn it wykein fan 14 en 15 desimber binne yn folle gong. De ynwenners fan De Lemmer stappe foar dit unike barren werom yn de achttjinde iuw. Dizze edysje stiet folslein yn it teken fan stoom en dêrfoar is in echte stoomtrein nei De Lemmer helle. Mar ek wurdt al moannen boud oan in bierstoombrouwerij.

(advertinsje)
(advertinsje)