Puer gouden beker mei Fryske link yn Ryksmuseum te sjen

Yn it Ryksmuseum yn Amsterdam is fan woansdei ôf in gouden beker te sjen, dy't yn de santjinde iuw in skoftsje yn de stedhâlderlike keunstkeamer yn Ljouwert stie. De beker is makke troch Paulus van Vianen (1570-1613), de ferneamdste Nederlânske sulversmid út de skiednis.
© Omrop Fryslân
De beker is yn 1610 makke yn opdracht fan de Hartoch fan Braunschweig-Lüneburg. Letter krige syn âldste dochter, Sophie Hedwig, de beker. Sy wie troud mei Ernst-Casimir van Nassau-Dietz, doetiids de stedhâlder fan Fryslân en Drinte. Hjirtroch kaam de puer gouden beker yn de stedhâlderlike keunstkeamer yn Ljouwert telâne.

Wichtichste skat fan Oranjes ea

Oant en mei 1881 wie de beker eigendom fan it keninklik hûs. De beker wurdt beskôge as de wichtichste skat fan de Oranjes ea. Dêrnei wie de beker jierren lang yn in Dútske privee-kolleksje. Dat duorre oant ôfrûne jier, doe't de famylje Wessels de beker kocht.
De famylje wie ree om de gouden skat foar lange tiid út te lienen oan it Ryksmuseum yn Amsterdam. Dêr is de beker fan woansdei ôf te sjen op de Eregalerij. It museum sprekt fan "een lang gekoesterde wens die in vervulling is gegaan".