Technysk manager Gerry Hamstra langer by SC Hearrenfean

10 des 2019 - 12:21

Technysk manager Gerry Hamstra bliuwt langer by Sportklup Hearrenfean. De fuotbalklup hat it kontrakt mei Hamstra ferlinge oant healweis 2022.

Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân

De 49-jierrige Hamstra is sûnt 2016 technysk manager by SC Hearrenfean. It kontrakt rûn kommende simmer ôf, mar is no dus ferlinge.

"Ik heb het hier ontzettend naar de zin", neffens Hamstra. "De afgelopen weken heb ik diverse gesprekken met de club gevoerd. Hier heb ik een goed gevoel aan over gehouden. Gezamenlijk staan we voor een aantal mooie uitdagingen die noodzakelijk zijn om ook de komende jaren succesvol te zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)