Deputearre Steaten prate tiisdei wer oer stikstofregels lânbou

10 des 2019 - 10:15

Deputearre Steaten fan Fryslân fergaderje tiisdei oer de stikstofregels, dy't de provinsje op 8 oktober ynluts by in boeredemonstraasje yn Ljouwert. Der leit yntusken in nij stikstofakkoart fan lânbouminister Carola Schouten en ynterprovinsjaal oerlis IPO.

Stikstof stiet tiisdei ek op de wurklist fan Deputearre Steaten - Foto: Omrop Fryslân

It Fryske lânboukollektyf is net wiis mei it stikstofakkoart fan Schouten en IPO en freget dêrom de provinsje Fryslân om dêr ôfstân fan te nimmen. It stikstofakkoart fan Schouten en de mienskiplike provinsjes giet út fan minder stikstofútstjit, wylst de útspraak fan de Ried fan Steat bepaald hat dat de útstjit net tanimme mei.

"De landelijke beleidsregels dienen niet het belang van Fryslân", skriuwe de lânbou-organisaasjes yn in brief oan de provinsje.

Lânbou-organisaasjes fine útkomst petearen 'teloarstellend'

De lânbou-organisaasjes binne der noch hieltiid wiis mei dat Deputearre Steaten op 8 oktober de stikstofregels ynlutsen hawwe en oanslutend yn petear gien binne mei de sektor, mar omskriuwe it resultaat fan dy petearen as 'teloarstellend'.

It stikstofprobleem is neffens it lânbou-kollektyf yn Fryslân minder driuwend as yn oare Nederlânske provinsjes, wylst it ekonomysk belang fan de lânbousektor hjir grutter is.

Benaud dat romte nei oare sektoaren giet

De boere-organisaasjes binne der benaud foar dat as gefolch fan de ôfspraken tusken minister Schouten en IPO de lânbou stikstofromte kwytreitsje sil en dat dy troch oare sektoaren brûkt wurde sil.

De boeren hawwe ek grutte twivels oer de rekkenmodellen yn it stikstofakkoart fan Schouten en de provinsjes. De organisaasjes trúnje der dêrom by de provinsje op oan om in eigen tekst oan it IPO-akkoart ta te heakjen, wêrtroch't Fryslân romte hâldt om in eigen Fryske drompelwearde foar stikstof te brûken, sadat Fryslân in lânbouprovinsje bliuwt dêr't de sektor 'grutsk' op wêze kin.

Ekstra parsekonferinsje Deputearre Steaten

Deputearre Steaten hawwe yntusken in ekstra parsekonferinsje oankundige oer de stikstofregels. Dy is tiisdeitemiddei om 14.30 oere op it Provinsjehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)