Boeren fiere takom wike woansdei wer aksje

10 des 2019 - 09:53

Boeren sille op 18 desimber opnij aksjefiere. Dat ha se besletten op in oerlis fan aksjegroep Farmers Defence Force. Hoe't de aksjes der presys útsjogge, makket de groep pas letter bekend.

Farmers Defence Force seit dat de aksjes op 18 desimber de hiele dei duorje sille. De boeren sille harren dêrby oan de wet hâlde. Se roppe boeren op om trekkers mei te nimmen.

Mooglik distribúsjesintra blokkearje

De groep wol mooglik de itensfoarsjenning ûntregelje om de diken nei de distribúsjesintra fan supermerken te blokkearjen. Oft se dat echt dwaan sille, is no noch net bekend. "Dat zou een optie kunnen zijn, maar we hebben een groot aantal locaties op het oog", seit FDF-vicefoarsitter Jos Ubels. "We komen later met de exacte details."

It pakket fan it kabinet mei stikstofmaatregels foar de lânbousektor komt pas letter. Dy plannen binne pas nei de krystdagen rûn, meldt it AD. De maatregels moatte mear stikstofromte opsmite. Dêr knapt de natuer fan op.

Aksjereeëns grut

Neffens Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force is de aksjereeëns grut en kin in moarnsbrochje kommende moandei fan it Lânbou Kollektyf mei premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou dêr neat oan feroarje.

"Der is in hiel soad ûntefredenheid yn Nederlân oer it belied fan dit kabinet. Der binne in hiel soad groepen dy't ree binne om aksje te fieren, dus ik tink dat je dat mei ien akkoartsje net oan de kant krije. Se kinne yn elk gefal hiel goed harren bêst dwaan yn Den Haag, om te soargjen dat it net slimmer wurdt as dat it no al is."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force

It folsleine petear mei Peet Sterkenburgh, bestjoerder by LTO:

It folsleine petear mei Harm Wiegersma, foarsitter NMV Regio Noard:

(advertinsje)
(advertinsje)