Dizze winter noch gjin earste maraton op natueriis yn Burgum

10 des 2019 - 08:24

De iisklup fan Burgum hie him graach dit jier minge wollen yn de striid om de earste maraton op natueriis. De iisbaan is der yn prinsipe klear foar, allinne foldocht de klup noch net oan alle easken fan de KNSB. Dêrom mei de iisklup Burgum dizze winter noch net in NK organisearje.

Foto: Omrop Fryslân. René Koster

De iisbaan is in skeelerbaan dy't mei in lyts laachje wetter gau befrieze kin. De striid om de earste maraton op natueriis giet neffens tradysje tusken Haaksbergen, Noordlaren en Veenoord. Burgum woe graach ek yn dat rychje.

Neffens foarsitter Willem Provily fan de iisbaan yn Burgum kaam dat idee ferline jier. "Nei trije moaie dagen reedriden op ús nije baan. Wy hawwe sa'n rap iis op de baan, dus wy fûnen: wy moatte ek yn dat rychje komme!"

Draaiboek net op 'e tiid

It reedrydbûn hat dit jier by Burgum hifke oft de klup meidwaan woe. "Wy hawwe petearen hân", fertelt Provily. "Mar wy moasten foar 1 oktober it hiele draaiboek al opstjoere. Der moast fan alles regele wurde, mei in hiel soad frijwilligers. En dat moat allegear op papier stean. Dat kinne wy noch net."

In mooglike earste maraton op natueriis yn Burgum komt dêrom wat te rap foar de klup. Mar, op termyn soe it samar ris kinne. "Takom jier begjinne wy om in draaiboek te meitsjen. Wy dogge it leaver in jier letter goed, as no yn sân hasten."

Frijwilligers

Wichtich is benammen it tal frijwilligers. Foar it parkearjen bygelyks. "Mar sa binne der folle mear saken. Je hawwe de hoareka, de entree en de ridersfasiliteiten. Dêr hawwe wy frijwilligers foar nedich. En der binne noch in soad saken dy't earst barre moatte foardat wy hjir in NK op natueriis hâlde kinne."

Foarsitter Willem Provily fan de iisbaan yn Burgum

Trefwurden: 
reedriden maraton Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)