Kollum: "It lêste taboe op bêd"

10 des 2019 - 08:10

"Buorman stie by it sket te smoken. Hy seach der beroerde min út. It hier stie him wyld op 'e kop, yn de pûden ûnder syn eagen koest wol in mud ierappels kwyt. Op myn fraach wat der te rêden wie joech er pas antwurd nei in putdjippe sucht. 'Ik moat op didgeridooles,' sei er. 'Fan myn wiif.'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Alles wat ik ferwachte hie, mar dat net. Ik hâlde my oan it sket beet fan 't laitsjen. Nei't ik wer by myn sûpe en stút wie, fertelde er dat it gie om de keunst fan it sirkulêr sykheljen ûnder de knibbel te krijen. 'Dat skynt goed tsjin snoarkjen te wêzen. Dus hat Antsje my opjûn. En sit ik aanst mei in stel hippys en tofu-oanbidders op in holle beamstam te blazen.'

Minsken dy't snoarkje, kinne yndie in lêst foar harren partner wêze. Of foar kampearders op in folle kemping. Op it momint dat dy yn in woldiedige sliep falle sille, is der altyd ien tinte dêr't it lûd fan in brulaap mei in blêdblazer út opstiicht. En nochris. En nochris. In martelmetoade dêr't it waterboarden fan Guantanomo Bay mar lullich by ôfstekt.

In spesjalist op it mêd fan longen seit dat snoarkjen in absolút taboe is, en benammen in sosjaal probleem. Der wurdt amper oer praat omdat it in gefoelich ûnderwerp is. Snoarkers skamje harren gau, nei alle gedachten om't slieperij no ienris yntym en privee is. Dus lizze minsken inoar hiele nachten wekker te hâlden. De iene troch it lûd fan in Boeing 747 neist him of har, de oare om't dy hieltyd skopt, slein of oantreaun wurdt.

Om't ik buorman wat opfleurje woe, sei ik tsjin him dat er mei syn snoarkjen yn alle gefallen potinsjele ynbrekkers bûten de doar hâlde. Dat holp net echt. Hy sei dat Antsje it op in nacht mei har mobyl opnommen hie. 'Ik klonk as in skiep mei it Offerfeest,' sei er mistreastich.

'Wolst net leauwe wat ik dêrnei allegear besocht ha. Ik ha in spesjaal kessen kocht dêr't ik my de kop op stikken lei. In noasspray brûkt dêr't ik in drûge kiel fan krige, en in kielspray dêr't de noas my fan begûn te kribeljen. Ik ha in kinbân om de kop hân wêrby't ik derút seach as Petr Cech, dy keeper fan Chelsea, in snoarkbûgel yn de mûle dy't op in twaddehâns keunstgebit like. Ik ha sels in snoarkrêchsek om hân, datst net op de rêch lizze kinst. Doe't ik dy om hie neamde ik mysels in sliepterrorist.'

Buorman smiet it peukje fuort. 'En no dus op didgeridooles,' sei ik. Hy knikte, like op in kalkoen dy't heart dat de krystdagen deroan komme. 'Wêrom sliepe jim net apart,' smiet ik in baltsje op. 'Dat soe foar alle partijen better wêze. Dan ferniele jim inoar net en kriget de seks in ferrassingselemint.' Beret sei er dat se dêrfoar net troud wiene, dat er dêr net oan tinke moast. Doe draaide er him om en stifele er fuort. In bytsje krûm ûnder it gewicht fan it lêste taboe."

(advertinsje)
(advertinsje)