Nije traumahelikopter foar Noard-Nederlân, mei de nijste snufkes

10 des 2019 - 07:01

It yn- en útladen fan pasjinten wurdt makliker, der kin better mei min waar flein wurde en it tsjuster is tenei ek gjin inkeld probleem mear. De ANWB presintearret tiisdei de nije traumahelikopter fan it sikehûs UMCG, dy't fan de fleanbasis Eelde ôf yn it Noard-Nederlân aktyf is.

"Onze oude heli is van hetzelfde type, maar deze moet terug naar Duitsland", seit André Adema, chief-pilot fan de nije traumahelikopter. "Het lijkt dezelfde helikopter, maar onderhuids zitten er zoveel nieuwe systemen in. Er zit een volledige autopilot op, een infraroodlamp voor in het donker en een achteruitkijkcamera."

Cockpit bot feroare

Foar de piloaten wurdt it wol efkes wennen. "Wij gaan het voor het eerst meemaken dat er allerlei systemen zijn die ons ondersteunen om veilig door te vliegen. De cockpit is in de loop der jaren heel anders geworden. Vroeger hadden we drie grote klokken, maar nu hebben we beeldschermen. We hebben een week in de schoolbanken gezeten."

Foar de pasjinten, dy't mei de hely ferfierd wurde, feroaret der net in soad. "De patiënten gaan er niet heel veel van merken, ons belangrijkste doel is om zo snel mogelijk de dokter bij de patiënt te krijgen", neffens Adema.

Takom moandei wurdt de nije helikopter foar it earst brûkt. Dan wurdt ek it âlde eksimplaar út de loft helle.

Foto: Srfotografie

Chief-pilot André Adema

Trefwurden: 
traumahelikopter UMCG ANWB
(advertinsje)
(advertinsje)