Auto giet yn flammen op yn Drachtster wenwyk

10 des 2019 - 06:17

In auto dy't parkearre stie op de Zilverschoon yn Drachten is tiisdeitemoarn betiid folslein útbrând. Buertbewenners warskôgen de brânwacht, mar dy koe net foarkomme dat de auto yn flammen op gie.

Foto: ProNews

De brânwacht fûn wol in ûnbekend foarwerp efter de bumper fan de auto en hat dêrom de plysje derby helle. Dy sil ûndersykje oft der sprake west hat fan brânstichting.

Trefwurden: 
Drachten auto brân
(advertinsje)
(advertinsje)