Eigeners Groot-Terhorne wolle 36 arbeidsmigranten yn 7 apparteminten

09 des 2019 - 23:05

Yn Bitgummole binne bewenners moandei by-inoar kaam om ynljochte te wurden oer de plannen om it eardere kafee Groot-Terhorne te brûken foar it húsfestjen fan arbeidsmigranten. It soe foarearst gean om maksimaal 36 bûtenlânske wurknimmers, dy't ferdield oer 7 apparteminten wenje kinne.

Groot-Terhorne yn Bitgummole - Foto: Omrop Fryslân

De gearkomste wie yn mienskipssintrum De Molewjuk. De bedoeling is dat VZM Uitzendgroep it pân Groot-Terhorne hiere sil fan de eigeners, as it troch giet. Dêr kinne dan sân apparteminten yn realisearre wurde, dêr't elts sa'n fjouwer oant acht persoanen yn ien appartemint wenje kinne. Yn de regio wurkje in soad arbeidsmigranten yn de glêstúnbou. Neist de eigeners fan it pân wie der in fertsjintwurdiger fan de gemeente Waadhoeke, it doarpsbelang en direkteur Bas van Zwienen fan VZM Uitzendgroep yn Frjentsjer.

Draachflak en advys

De eigeners fan it leechsteande hoareka-kompleks yn Bitgummole wolle it pân wol brûke om arbeidsmigranten in plak te jaan. Dat past by it belied fan de gemeente om arbeidsmigranten te húsfestjen. Dêr is lykwols wol draachflak foar nedich yn it doarp. It doarpsbelang sil op basis fan ynspraak fan de mienskip úteinlik in binend advys jaan oan de gemeente, dy't dêr dan oer prate kin. Mocht it advys negatyf wêze, moat dit wol ûnderboud wurde kinne.

Fragen

It pleatslik belang hat earder oanjûn net ôfwizend te tinken oer it plan, mar noch wol in soad fragen hawwe. Moandeitejûn kamen der foaral fragen út de mienskip wei oer it parkearjen fan de flekswurkers en arbeidsmigranten op in pleintsje yn it sintrum fan it doarp en oer it betelber yn it doarp wenjen foar jongerein út Bitgummole sels. De ynwenners mochten moandeitejûn ek al harren fragen dellizze by VZM Uitzendgroep, Harry Siegersma fan de gemeente en de eigeners.

Op 27 maart hâldt it pleatslik belang in jierlikse gearkomste, dêr sil noch sprutsen wurde oer de plannen en dêr moat in advys út komme.

Harry Siegersma fan de gemeente Waadhoeke en foarsitter fan it pleatslik belang Doeke de Jong

Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei in ynwenster út it doarp

(advertinsje)
(advertinsje)