Plan jachthaven op It Amelân nei krityk op 'e nij nei de tekentafel

09 des 2019 - 23:06

De jachthaven fan It Amelân wurdt op 'e nij ynrjochte, dat is bot nedich om't de haven bot ferâldere is. Mar de nije yndieling fan de haven soarge foar opskuor by de charter- en plezierfeart. Der wie in soad krityk op de tekening fan de nije haven, om't de yntekene romte foar charterskippen net realistysk wie.

Moandei hat de feriening foar beropscharterfeart mei oare partijen om tafel sitten en yn de kommisjegearkomste is bekend makke dat der in nije tekening komt.

Neffens skipper Tom Hamer fan de Larus is it foar it hiele Waadgebiet wichtich dat der genôch plakken binne. "Ik vaar al sinds 2004 op Ameland. Een nieuwe haven is natuurlijk fantastisch, want de infrastructuur mocht echt wel eens een opknapbeurt krijgen. De stroompunten zijn heel zwak en de drijvende steigers zijn echt aan vernieuwing toe. Dus er mocht wel geïnvesteerd worden", seit Hamer.

Opknapbeurt nedich

De jachthaven is bot ferâldere. Neist dat de steigers en brêgen fier foarby harren tiid binne, foldocht ek de ynrjochting net mear oan de hjoeddeiske easken.

Dochs hawwe der dus tal fan beswieren west op it earste plan fan de gemeente. "Het is niet goed dat er pas in dit stadium ingesproken is", seit wethalder Theo Faber. De tekening fan de haven soe eins al klear wêze moatte om in bedrach fan 1 miljoen euro frij te krijen. No kaam der as noch ynspraak fan de plezier- en charterfeart. "Dat betekent dat we elkaar eerder hebben gemist."

Jachthaven op It Amelân - Foto: ANP

Wethâlder Theo Faber fan Amelân

Skippen te lyts yntekene

Op de âlde tekening binne de skippen folle lytser yntekene as sy werklik binne, seit Pam Wennekes as beliedsmeiwurker fan de Vereniging voor Beroepschartervaart (BBZ). "Wij vinden het hartstikke positief dat men wil investeren in de jachthaven, maar in de plannen die wij vorige week zagen hebben onze schepen minder plek in de haven. Onze schepen stonden ingetekend als 25-30 meter, maar zijn in de praktijk 40 meter. En doordat ze ook nog een kluiverboom hebben en achter ook nog wel eens een bijbootjes hebben ze toch wel 45 meter per schip nodig. Dat willen we ook zo houden."

Ek die bliken dat it net oeral like djip wie. "Op één van de tekeningen stond er nog een rijtje schepen ingetekend. Dat is niet realistisch, dat is te ondiep. Feit is wel dat als er wat gebaggerd wordt, wij ook verder naar achter kunnen en daar meer ruimte hebben."

Pam Wennekes fan de Vereniging voor Beroepschartervaart

De tekening fan de jachthaven - Foto: Gemeente Amelân

Nije ôfspraken makke

"We hebben een gesprek gehad met de gemeente en de stichting. Allereerst hebben we geconstateerd dat er in het voortraject iets mis is gegaan en dat we elkaar niet goed gevonden hebben. Dat is jammer, want dan hadden we dit kunnen voorkomen. Iedereen is wel op zoek naar een oplossing. Die hebben we denk ik gevonden door extra mogelijkheid te creëren daar waar eerst De Zeehond lag, dat daar nu schepen van ons kunnen liggen," leit Wennekes út. Moandeimiddei is de ôfspraak makke dat de earste steger foar plezierfeart koarter makke wurdt sadat de charterskippen oant 40 meter der ek lizze kinne.

Te min romte

De plezierfeart makke him soargen oer de krappe romten op de tekening. Sa ek Pieter van Kuppenveld fan de Vereniging Wadvaarders. "Er zou te weinig manoeuvreerruimte overblijven in drukke periodes voor schepen, zeker als er wind staat zou het erg krap worden. Dat zien we bijvoorbeeld in de haven van Vlieland waar in het hoogseizoen extra personeel moet worden ingezet om de schepen te begeleiden."

Pieter van Kuppenveld fan de Vereniging Wadvaarders

Tekening fan tafel

Der wurdt no dus nochris nei it plan sjoen. "De havenmeester kan er ook rekening mee houden door schepen op een iets andere manier plekken toe te wijzen zo lang het nog niet boordevol is. Wij zijn sowieso blij dat de inrichting van de haven door kan gaan en dat we elkaar gevonden hebben. Als de afspreken echt uitgevoerd worden, zijn we blij met deze oplossing. Ik hoop dat men onze wensen kan honoreren in de nieuwe tekening," seit Van Kuppenveld.

No't alle partijen harren beswieren bekend makke hawwe, is de tekening fan tafel. Der wurdt in nije tekening makke. It lisjild yn de nije haven bliuwt itselde, jout wethâlder Theo Faber oan.

Skipper Tom Hamer

(advertinsje)
(advertinsje)