60 miljoen as kompensaasje foar gasboarringen yn Ternaard

As it ta gaswinning komt by Ternaard dan kin de regio rekkenje op in finansjele kompensaasje fan 60 miljoen euro. Dat jild sil yn tsien jierlikse terminen fan 6 miljoen beskikber komme. Dit hat it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat moandei bekend makke op in ynformaasjejûn yn Ternaard.
Ynformaasjebyienkomst yn doarpshûs Túnawerth yn Ternaard © Omrop Fryslân
NAM-direkteur Johan Atema en guon besikers fan de ynformaasjejûn
It bedrach is net bedoeld foar mooglike skeafergoedingen, dat wurdt apart regele. Mocht de winning earder ophâlde, dan jildt dat ek foar it kompensaasjepakket.

Skoallebou en De Spiker

Neffens boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân kin by mooglike bestimmingen fan it jild tocht wurde oan saken as skoallebou, werbestimming fan De Spiker yn Ternaard en alderhande projekten op it mêd fan enerzjytransysje. Der komt in spesjale gebietskommisje dy't fan ûnder op sjen sil wêr't dat jild krekt hinne moat.
De minister moat noch beslute oft der ek écht nei gas boarre wurdt by Ternaard. De gemeente Noardeast-Fryslân bliuwt tsjinstanner fan it boarjen, mar is posityf oer de omfang fan it kompensaasjepakket.
Ferslachjouwer René Koster yn petear mei boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân