Helpferliener oer rêdingsaksje yn Coevorden: "Dizze ynset ferjitte wy net gau"

Ferskate Fryske helpferlieners wiene sneon yn Coevorden oan it wurk, dêr't by in grutte eksploazje in grillroom ynstoarte. In spesjaal helpferlieningsteam hat in jonkje fan fiif jier âld ûnder it pún wei helle. Dêr wie ek Ruurd Scholten by, plakferfangend teamlieder fan it saneamde Specialistisch Technisch Hulpverleningsteam út Drachten. Hy is bliid dat de rêdingsaksje slagge is: "Dat is prachtich. Hjir dogge je it foar."
Sa lei de grillroom der by nei de eksploazje © ANP
Scholten fertelt hoe't sa'n rêdingsaksje yninoar stekt. "As de piper giet en wy oproppen wurde foar in eksploazje, dan docht dat wol efkes wat mei dy. Wêr moat ik rekken mei hâlde? Dan giest nei de kazerne fan Drachten en rukke wy út mei fjouwer weinen. As wy ride krije wy ynformaasje oer wat der oan de hân west hat en oft der mooglik noch minsken ûnder sitte."
"Us teamlieder giet altyd foarút, dy makket in earste byld fan wat der oan de hân is. Hy praat ús by en hat al in idee wêr't it slachtoffer krekt wêze moat. Dan meitsje wy in plan hoe't wy dat oanpakke," jout Scholten oan.

Oars as gewoane brânwacht

It helpferlieningsteam dêr't hy by heart, is oars as bygelyks de gewoane brânwacht. "Spesjalistyske teams binne mear bedreaun om yn soksoarte omjouwings op te treden. Wy hawwe ek spesjaal ark, dêr kinne wy ús langer mei rêde. Ik tink dat wy faak mar ien kear yn it jier útride. Dus dizze ynset ferjitte wy net gau," seit Scholten.

"Hjir oefenje je foar"

De tastân fan it jonkje wie earst soarchlik, mar syn situaasje is yntusken ferbettere. Scholten is dêr wiis mei. "It slachtofferke hie al efkes ûnder it pún lein, dus hy waard al kâlder. Dit is wol in ding dêr't je foar oan it oefenjen binne. Wy hoopje de gewoane brânwachtposten safolle as mooglik te stypjen. Yn Coevorden hawwe wy yn de kazerne de situaasje noch efkes trochsprutsen nei de tiid. En dêrnei binne wy wer nei Drachten gien."
Ruurd Scholten fan it spesjale helpferlieningsteam