Trije ynbraken om de haadstêd hinne: Wurdum, Weidum en Ljouwert

09 des 2019 - 20:09

Tusken 7 en 9 desimber ha trije ynbraken west yn de gemeente Ljouwert. Op sneon is ynbrutsen yn twa doarpen ûnder Ljouwert: oan de Jacob Algrasingel yn Wurdum en oan de Idzerdaleane yn Weidum.

Foto: Pixabay

Yn Wurdum is guod meinommen, yn Weidum is inkeld besocht in rút iepen te brekken. Ek is yn de nacht van snein op moandei ynbrutsen by in wente oan it Van Miereveltplantsoen yn Ljouwert.

Yn Wurdum is in rút oan de efterkant fan de wente iepenbrutsen en dêr binne sieraden meinommen. Yn Ljouwert is in stien troch in rút smiten, dy wente is trochsocht en dêr is in bankpas meinommen.

De plysje fan Ljouwert freget minsken dy't wat sjoen hawwe, harren te melden by de plysje.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbraak Wurdum Weidum
(advertinsje)
(advertinsje)