Fan Jobbegea nei Súd-Afrika: de rugbydream fan Tys

09 des 2019 - 19:42

Trije jonge spilers fan de rugby-akademy yn Noardeast-Nederlân spylje de kommende twa jier yn Súd-Afrika. Ien fan harren is Tys Koopmans fan Jobbegea. Hy is noch mar 16 jier en op 9 jannewaris stapt hy op it fleantúch om syn dream werklikheid te meitsjen.

Foto: ANP

"Ik sil der twa jier rugby spylje op in high school, dus wat ik hjir op de havo doch, sil ik der ek dwaan. Studearje én rugby dus," leit Tys Koopmans út. "It hat altyd al myn dream west om sa heech mooglik en yn it bûtenlân rugby te spyljen. Dit wie de bêste kâns dy't der wie. Dus dy kâns moatte je pakke."

It spyljen fan rugby sil dêr wol wat dreger wurde, om't de sport dêr folle grutter is. "It is dêr sawiesa ek waarmer, eins altyd boppe de 20 graden. De jonges binne dêr faak ek grutter en der binne mear minsken dy't it spylje."

Ambysje

Dochs hat Tys wol ambysje. "Ik wol yn it earste team komme, dat is wol de bedoeling. Der binne fiif teams. Mar fan dy kompetysje wurde je wol better. It betsjut dêr ek in soad. Dyn teamgenoaten dy't alles foar je dogge, it spul sels, it is gewoan in tige moaie sport."

Tys Koopmans fan Jobbegea

Trefwurden: 
rugby Jobbegea Súd-Afrika
(advertinsje)
(advertinsje)