Paul van Erkelens: "Boerenprotest bij Wetterskip is niet acceptabel"
De wize wêrop't boeren ferline wike aksje fierden by Wetterskip Fryslân yn Ljouwert is net akseptabel, dat seit ôfswaaiend dykgraaf Paul van Erkelens yn It Polytburo. Hy begrypt de lilkens fan de boeren oer de foarnommen taryfsferheging wol, mar kart de yntimidaasje mei trekkers ôf. Wol jout hy ta dat de ôfrûne jierren in stadige taryfsferheging better west hie. Van Erkelens wiist der op dat de boeren allegearre op 'e hichte brocht binne dat de lêsten omheech gean soene.
Ek al seit de dykgraaf dat er him der persoanlik net troch rekke fielt, dochs krige Van Erkelens bedriigjende e-mails. De mails binne wol nei de plysje gien, mar oanjefte docht er net.
Sitten
De Twadde Keamer wol dat der in ein komt oan it prinsipe fan de 'geborgde zetels,' it systeem wêrby't der 7 fan de 25 bestjoersleden net rjochtstreeks keazen wurde kinne. Mei it ôfskaffen fan dizze 'geborgde zetels' - dy't no automatysk nei boeren, bedriuwen en natuerorganisaasjes geane - wurdt Wetterskip Fryslân in stik demokratysker, tinkt Van Erkelens.