Himpkwekerij mei 1.250 planten oantroffen yn Ljouwert

09 des 2019 - 19:20

De plysje fan Ljouwert meldt dat moandei oan de James Wattstrjitte in himpkwekerij ûntdutsen is. Der binne goed 1.250 planten oantroffen. Dizze planten binne mei de apparatuer ferneatige. Neffens de plysje wurdt de fertochte op in letter momint ûnderfrege.

De plysje ferklearret dat dizze himpkwekerij grutter is as dat men yn 'e regel tsjinkomt. Yn dit gefal waard de stroom net ôftape.

(advertinsje)
(advertinsje)