Herbarium Frisicum op in bysûndere ekspedysje yn Perû

Yn in herbarium wurde drûge planten bewarre, dêr't faak ek ûndersyk nei dien wurdt. Yn Wolvegea stiet it Herbarium Frisicum, de grutste priveekolleksje drûge planten fan Europa. Der wurde âlde en nije plantekolleksjes sammele en binne plante-eksperts dwaande mei ûndersyk en it dielen fan kennis oer planten. Dat Fryske herbarium is ambassadeur wurden fan de Universiteit fan Lima yn Perû.
Herbarium Frisicum © Herbarium Frisicum
Minsken fan it Herbarium Frisicum hawwe faak in besite brocht oan de 'Herbario de la Universidad National Federico Villarreal.' Dat is in hiele mûle fol, mar it is it herbarium fan de universiteit yn Lima. Twa minsken fan it Fryske herbarium hawwe yn Perû trije wiken mei west op ekspedysjes nei de Amazône.
De ôfrûne dagen krigen sy ynienen besite fan de rektor fan de universiteit. Njonken in gouden earespjelde dy't sy earder krigen hawwe, waarden de lju fan Wolvegea ek noch ferrast mei it ambassadeursskip.

Bioferskaat

Yn it Amazônegebiet binne in soad nije plantesoarten fûn en sammele. Ek is der ûndersyk dien nei moassen. It sammeljen en fêstlizzen fan dy planten yn kolleksjes is wichtich foar it beskermjen fan it gebiet en jout in byld fan de rykdom fan it gebiet. Der is in tige grut bioferskaat. Foar Karst Meijer wie benammen in tomatebeam tige bysûnder.
Karst Meijer fan Herbarium Frisicum oer syn reis nei Perû