Grutte doarpskrystbeam yn Haskerhoarne knapt by de grûn ôf

09 des 2019 - 18:07

Oeral yn de provinsje dûke wer krystbeammen op. Net allinne by minsken thús, mar ek yn in soad doarpen. Sa stiet der elts jier in ferljochte krystbeam mei de bêste winsken fan de Feestkommisje yn Haskerhoarne. Dit jier hiene sy in bysûndere beam fûn, ien dy't folle grutter wie as oars. De wille fan de grutte beam duorre lykwols mar koart, want de krystbeam foel om, dwers oer de Jousterwei.

De krystbeam waard oer de Skien ferfierd nei Haskerhoarne - Foto: Gerrit Waterlander

"De beam wie in behoarlik ein grutter as dat er no is: 16,5 meter heech," fertelt Anne Minnesma fan de Feestkommisje. "Wy mienden dat wy de beam goed fêstset hiene. Doe't ik dy jûn op bêd gie tocht ik: it begjint wat te waaien, wy meie der moarn noch wol wat spanbannen omhinne smite. Mar dêr hawwe wy de kâns net foar krigen, want healwei sânen bellen sy my al út bêd: dat er oer de dyk lei."

By de grûn ôf

De krystbeam wie mei ballen en al oer de Jousterwei hinne fallen. "It beton is út 'e grûn wei rukt en de beam is sa oer de lantearnepeal hinne teard, dus dy is oan smots. Wy mienden dat de beam goed fêst stie. Wy hawwe in betonplaat stoarten, der sit in buis 1.20 de grûn yn mei in hompe beton deromhinne. Mar de stamme is ûnder by de grûn ôfknapt. Dan is it einde oefening, doe lei er oer de dyk," seit Minnesma.

Aldergeloks barde it doe't it tsjuster wie. "It wie betiid, dus der wie gjin ferkear en gjin fytsers. Dus wat dat oanbelanget is it goed gien," seit Minnesma.

"Wy wiene der suver grutsk op"

De beam stie earder op De Jouwer, njonken in hûs oan de Skien. It wie neffens Minnesma noch in flinke put om de beam der wei te heljen. "Dêr hawwe wy him op in djiplader lein, mei in kraan dy't him omheech tild hat. Dy kraan wie wol nedich, want de beam wie 4.100 kilo. Dat is in knappe!"

De minsken fan de Feestkommisje hiene de moaiste beam sûnt jierren, fûnen sy. Minnesma: "Wy wiene der suver grutsk op. Wy seine: wy moatte hjir eins mei syn allen foar op de foto, dat wurdt in moaie foto mei de hiele Feestkommisje. No hawwe wy wol in foto fan de beam, mar net ien mei ús derop. Hy lei te betiid om."

Mei in kraan fan de dyk helje

"Wy hawwe in boer belle mei in mobile kraan. De frou hat it melken dien makke en hy is mei de kraan kommen. Wy jouwe net op, wy meitsje in nij betonblok en wy besykje it wer in kear." De krystbeam is no lykwols noch wol wat koarter makke. "It moaie is der wol ôf. Doe't hy der hielendal stie moasten de fytsers eins ûnder de krystbeam troch fytse. De ûnderste takken hiene wy der wat ôf helle, it wie in prachtgesicht. No is it 'gewoan moai,' sa'n beam hawwe wy oars ek."

It fallen fan de beam hat yn Haskerhoarne in soad grienôffal op de dyk opsmiten. Minnesma sjocht der it positive mar fan yn. "Wa't wol kin der sa wat fan meinimme foar in kryststikje," laket hy.

Ferslachjouwer René Koster sjocht yn Haskerhoarne by de krystbeam

(advertinsje)
(advertinsje)