Kuorbaltopper is 'Wedstriid fan de Wike'

09 des 2019 - 17:29

LDODK is útsûnderlik goed úteinset mei it seizoen. De earste fiif kompetysjewedstriden fan it seizoen wûnen se allegearre, wêrtroch't de Gordyksters boppe-oan steane. Mar bliuwt dat sa? Sneon komt nûmer twa PKC op besite. Alle reden om dat duel te ferkiezen ta 'Wedstriid fan de Wike'.

Der sitte op De Gordyk ek noch wol wat revânsgefoelens tsjinoer de gasten út Papendrecht. Want, sa wit sportferslachjouwer Freark Wijma: "PKC is de ploech dy't ferline jier yn de play-offs LDODK útskeakele hat. It is de ferliezend finalist fan it foarige seizoen."

De finale fan de kuorbal-league hopet LDODK dit seizoen ek te heljen. De foartekens binne wat dat oanbelanget goed, want sa goed as no sette de ploech fan coach Henk Jan Mulder net earder útein. Al is statistysk sjoen PKC miskien wol de favoryt. "Want LDODK hat yn al dy jierren mar ien kear fan harren wûn", sa seit Wijma.

De wedstriid tusken LDODK en PKC begjint sneontejûn om 20.00 oere. Snein is der in wiidweidige reportaazje te sjen fan dat duel by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Yn de oanrin nei de wedstriid is der ekstra omtinken foar de wedstriid dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)