NS-kampanje: wa is de eigener fan knuffel 'Huub de Hond' fan Ljouwert?

09 des 2019 - 16:22

In knuffelhûntsje dat op stasjon Ljouwert fûn waard, is no ien fan de haadrolspilers yn in NS-kampanje. Mei dy kampanje wurdt besocht mear omtinken te jaan oan guod dat minsken ferlern hawwe yn treinen en op stasjons. De NS is no op syk nei de eigener fan de Ljouwerter knuffel, dy't sy foarearst mar de namme 'Huub de Hond' jûn hawwe.

Huub de Hond - Foto: Omrop Fryslân

"We hebben de naam zelf bedacht, we hopen dat we de echte naam nog kunnen achterhalen," seit Anne van der Wel fan de NS. Sy leit út wêrom't de NS dizze knuffelaksje hâldt. "Eigenlijk is het om reizigers erop te attenderen om op hun eigendommen te letten als ze met de trein reizen of op het station zijn. Maar vooral als je dan wat kwijtraakt, wat je dan het beste kan doen." Dat is nei de webside fan de NS gean om it guod dat ferlern is, te melden. "Dan gaat een team van collega's hard aan de slag om het voorwerp weer bij je terug te brengen."

108.000 foarwerpen

Elts jier wurdt in soad fûn yn de trein. "Het gaat om 108.000 voorwerpen dit jaar. De nummer 1 zijn pasjes, maar ook tassen, portemonnees, sleutels en jassen." Foar de aksje is lykwols keazen foar knuffels. "We hadden ook een andere categorie kunnen kiezen, maar niets is zo verdrietig als een kind die zijn of haar knuffel kwijt is."

It is net de earste kear dat de aksje op tou setten wurdt. "Vorig jaar zijn er 4 van de 5 knuffels teruggekomen, het jaar ervoor 3 van de 5. We hebben nog nooit gehad dat alle knuffels terug zijn gevonden, dus daar hoop ik stiekem op. We krijgen vaak hele lieve en leuke reacties van de eigenaren terug als ze horen dat de knuffel is gevonden," seit Van der Wel.

Is 'Huub de Hond' no fan dy? Wat moatst dan dwaan? "Even reageren op de post op Facebook of Instagram, dan gaan we voor je aan de slag. De knuffels zijn ook te zien op de schermen in de trein, we hebben gemist-posters opgehangen en je ziet het op social media. We proberen alles om de eigenaar te vinden."

Anne van der Wel fan de NS

Trefwurden: 
Ljouwert NS knuffel
(advertinsje)
(advertinsje)