Sportcast: "It kontrakt fan Johnny Jansen moat ferlinge wurde"

09 des 2019 - 15:54

De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne ditkear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn goede banen te lieden.

De podcast is ek te finen op Spotify en yn de podcast-apps.

Hearrenfean wie eins folle better as RKC Waalwijk, mar in kertier foar tiid kaam RKC dochs op likense hichte. Roelof de Vries seach dat Hearrenfean te folle kânsen miste: "Se hienen it yn de earste helte al ôfmeitsje moatten." Arjen de Boer fûn dat de spilers fan Hearrenfean yn de oanfal net goed gearwurken: "Ik haw myn betinkingen oer de kombinaasje Ejuke - Odgaard. Ejuke giet faak foar himsels." Andor Faber is ek kritysk op de Nigeriaan: "Ejuke is in blyn hynder."

Troch goals fan Odgaard en Dreyer wûn Hearrenfean dochs noch. Se steane no op it fiifde plak. Neffens Arjen de Boer is it ien en al hosanna by Hearrenfean: "It is hiel knap dat Johnny Jansen der in echt team fan makke hat." Roelof de Vries fynt dêrom dat it kontrakt fan Jansen wol wat opwurdearre wurde moat. Al ús analisten wolle yn elts gefal dat it kontrakt fan Jansen ferlingje wurdt.

Rjochtsback en middenfjilder foar Cambuur?

Cambuur wie nei in helte al klear mei FC Dordrecht. De Ljouwerters stiene healwei mei 4-1 foar. Neffens Andor Faber wie der yn de twadde helte in ôfgryslik grut ferfal. Fierder as 4-2 kaam Dordrecht lykwols net. It sukses fan Cambuur makket de klup populêr. Andor Faber: "Cambuur hat no al 400 heale seizoenkaarten ferkocht, tsjin 100 ôfrûne seizoen."

Mooglik komme der yn de winterstop noch twa spilers by. Arjen de Boer hat mei Cambuur-trainer Henk de Jong sprutsen. Dêrtroch wit er te melden dat Cambuur noch op syk is nei in rjochtsback, foar de blessearre Jordy van Deelen, en in dynamyske middenfjilder, as plakferfanger foar Jamie Jacobs.

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)