De sinne skynt wer foar Piet Paulusma: hy wurdt waarman by Omroep MAX

09 des 2019 - 16:48

Piet Paulusma wurdt waarman by Omroep MAX. Moandei wurde de hantekeningen set troch direkteur fan MAX Jan Slagter en Piet Paulusma. Op 2 jannewaris is Piets Weerbericht foar it earst te sjen by MAX. "Ik bin wol teplak, ik bin der wiis mei," seit Paulusma sels.

Lykas bekend nimt SBS6 oan de ein fan dit jier ôfskied fan de populêre waarman. Sûnt 23 jier fersoarget Piet it waarberjocht foar dizze omrop. Syn 'Oant moarn!' sil op 30 desimber foar it lêst te hearren wêze.

Feroaringen

Piet is der grutsk op. "Wy binne derút: ik gean nei MAX. Tijd voor Max, fiif dagen yn de wike. Dêr sille wy it waarberjocht bringe sa't wy it altyd brochten. It sil hjir en dêr in bytsje feroarje, mar it hjit noch altyd Piets Weer."

Wat sille dan de feroaringen wêze? "It wurdt no twa minuten yn stee fan trije minuten. It is fansels oerdeis, wy komme by it programma Tijd voor MAX. Dus je nimme meastentiids mei ljocht op. Jûns wat mear thús. It sil in feroaring wêze, mar it is net slim. Online sette wy itselde waarberjocht del as dat wy no dogge, ek fan lokaasje."

Piet Paulusma - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ynteresse fan MAX

Neidat Piet yn febrewaris dit jier syn ûntslach oansein krige troch SBS6 toande Jan Slagter al belangstelling foar it waarberjocht fan de waarman út Harns. De mannen hawwe dêrop in bakje kofje dronken en saken bepraat. "Oan de simmer ta is der wolris efkes sprutsen, en yn de simmer sels kaam ik Jan tsjin by it skûtsjesilen. Doe hawwe wy sein: we moatte derút komme." Dêrnei hawwe se fierder ûnderhannele. En dizze wike is it lang om let foarinoar dat Piets Weerbericht by MAX in plak krijt.

Dochs kaam it der lange tiid net fan. Jild soe dêr in rol yn spylje. Slagter sei dat Paulusma te djoer wêze soe. "No ja, hy wol fierstente goedkeap. Sa kinne je it ek sizze," laket Piet Paulusma. Dochs is it dus slagge.

Mei it skûtsjesilen beprate Piet en Jan it waar - Foto: Simone Scheffer

Unwisse perioade

Foar Piet komt dêrmei in ein oan in ûnwisse perioade. Foar himsels, mar benammen ek foar syn personiel. "Want jo hawwe dochs in bedriuw dêr't minsken wurkje. As dy earste klap west hat, dan witst dat der oant de simmer noch net safolle bart. Der binne in soad gesprekken mei allerhanne partijen en dan moat it nei de simmer barre, en dan is it al gau desimber. Der moast noch in hiel soad barre om it foarinoar te krijen."

By SBS wei

"It wie it ôfrûne jier net oan my te fernimmen dat it dien wie," tinkt Paulusma oer syn waarberjocht fan de ôfrûne tiid. "Mar it is fansels net in feestdei foar my. Dus dat hoecht ek net, mar ik nim wol ôfskie fan kollega's. It waarme gefoel leit by de minsken dy't sjogge en by de kollega's. By SBS haw ik in fantastyske tiid hân en sy hawwe my de kâns jûn om te wurden wa't ik wurden bin. Dat moatte jo ek meinimme."

Foto: pietsweer
(advertinsje)
(advertinsje)