Leararetekoart set skoallen mei de rêch tsjin de muorre

09 des 2019 - 12:27

In klasse nei hûs ta stjoere omdat der gjin dosint beskikber is. Op basisskoalle De Diamant yn Aldegea Smellingerlân witte se der alles fan. Master Hans Visser liedt de needklok. "Wy stean as basisskoalle hieltyd faker mei de rêch tsjin de muorre."

Begjin oktober stjoerde de basisskoalle yn Aldegea al in klasse nei hûs om't de learaar siik wie. Master Hans Visser: "Dat is hiel ferfelend, it soarget foar ûnrêst en rûs op skoalle. Net allinnich foar de bern, mar ek foar dosinten en âlden. Dan is it in kwestje fan: mei syn allen de skouders derûnder. Wy ha oant no ta altyd soarge dat bern sa folle mooglik opfongen wurde."

Needprotokol

Yn it gefal der echt gjin ferfanger fûn wurde kin, hat De Diamant in needprotokol ûntwikkele. Visser: "Wy ha in stappeplan. De earste dei as der gjin learaar is, wolle we bern sa folle mooglik opfange. Mar dan ha wy wol fuort kontakt mei de heiten en memmen om alfêst opfang te regeljen foar de folgjende dei."

Foto: Google Street View

Dat wie oant no ta ien kear nedich, mar Visser ferwachtet dat it faker barre sil. "Dit is in struktureel probleem, dêrom ûndersykje wy oft wy in alternatyf programma oanbiede kinne yn gearwurking mei de foar- en neiskoalske opfang. Wy binne hjir drok dwaande mei in IKC, dat yn dit gefal miskien in oplossing wêze kin."

Grypweach

Ek de jierlikse grypweach yn de wintermoannen soarget foar de nedige problemen. "Net allinnich ús eigen fêste meiwurkers wurde siik, mar ek de ferfangers", leit Visser út. "Dan stean jo as skoalle mei de rêch tsjin de muorre. Wy besykje der sa folle mooglik oan te dwaan om de opfang fan de bern te garandearjen, mar dat slagget net altyd."

Hans Visser fan De Diamant oer it leararetekoart

Meldpunt leararetekoart

Omrop Fryslân wol graach witte wat de omfang is fan it leararetekoart. Dêrom ha wy in meldpunt iepene. Ha jo as skoalle of heit of mem te krijen mei de gefolgen fan it leararetekoart? Folje dan op it meldpunt yn om hokker skoalle it giet, oft de klasse nei hûs ta stjoerd is of dat der in ferfangende learkrêft foar de klasse stiet (al dan net mei foech) of dat de learlingen ferdield wurde oer oare klassen.

(advertinsje)
(advertinsje)