Nije N381 krijt as earste provinsjale dyk 'sirkulêre' asfaltlaach

09 des 2019 - 12:13

Hieltyd mear saken kinne op 'e nij brûkt wurde, sa ek asfalt. Moandei sette bouwer Heijmans útein om goed sân kilometer oan asfalt fan de N381 út de âlde dyk te frezen. Mar leafst 5600 ton oan freesasfalt giet oanslutend mei frachtauto's nei Drachten en dan mei de boat nei Amsterdam. Dêr wurdt de stien út it âlde asfalt bewurke en klearmakke foar in twadde libben.

It einrisseltaat is saneamd stil asfalt, ZOAB, dat yn de maaitiid fan 2020 brûkt wurdt yn de nije dyk fan de N381. "Wij willen vanaf 2023 uitsluitend met gerecycled asfalt werken", fertelt direkteur Johan ter Horst fan Heijmans. "We zijn daarom blij met de kans om hier in Fryslân een pilot uit te voeren."

Unyk yn Nederlân

De N381 is takommend jier de earste provinsjale dyk fan Nederlân mei - foar in part - sirkulêr asfalt. Deputearre Avine Fokkens is dêr grutsk op en stapte dêrom moandeitemoarn mei in soad wille sels op in nagelnije freesmasine. De deputearre koe it net litte om op te merken dat de lange ôf- en oanfierrûte nei Amsterdam noch net sa duorsum is. "Ik snap dat ze dat nu nog zo doen in deze experimentele fase, maar in de toekomst zie ik liever dat ze dat dichter bij huis gaan doen."

Foto: Omrop Fryslân, Onne Falkena

Deputearre Fokkens wie sawiesa goed te sprekken oer de foarderings fan de ferdûbeling fan de N381 tusken Donkerbroek en Appelskea. It wurk leit foar op skema en liket ek binnen de begrutting te bliuwen.

Op dit stuit wurdt by Donkerbroek in twadde tunnelbuis oanlein en by Easterwâlde komt yn 'e maaitiid fan 2020 nij, sirkulêr asfalt. "De opleverdatum is juli volgend jaar, maar als we geen strenge winter krijgen kan het ook nog wel vlugger gaan", sei in tefreden deputearre.

Deputearre Avine Fokkens stapte by Easterwâlde op de freesmasine

Trefwurden: 
N381 Asfalt recycling
(advertinsje)
(advertinsje)