Wite reklamebuorden op ferskate NS-stasjons

09 des 2019 - 11:56

It liket miskien wat nuver, de wite reklamebuorden op ferskate NS-stasjons, mar it is gjin protest of aksje. De NS mei gjin reklamebuorden mear brûke om't se de oanbesteging foar de buorden net iepenbier útfierd hat.

Foto: Kappers Media

It is wat in yngewikkeld ferhaal, mar grutte bedriuwen lykas de NS binne ferplichte om grutte oanbestegings iepenbier út te setten. Ferskate bedriuwen kinne dêr dêrnei op yntekenje. Dat hat de NS foar syn reklamebuorden lykwols net dien. Reden foar it bedriuw JCDecaux om de NS foar de rjochter te slepen.

Boete

Dy joech JCDecaux foar in grut part gelyk. De kontrakten foar de NS-reklamebuorden moatte no dochs noch iepenbier oanbestege wurde. Ek moat de NS in boete betelje.

Trefwurden: 
NS stasjons reklamebuorden
(advertinsje)
(advertinsje)