Rederij Wagenborg skrast oantal boaten fan en nei Skiermûntseach

09 des 2019 - 10:35

Rederij Wagenborg skrast moandei in oantal fan de boaten fan en nei Skiermûntseach. Dat hat te krijen mei de ferwachte hege wetterstân. It giet om de boat fan 18.30 oere fan Lauwerseach nei Skiermûntseach en dy fan in oere letter fan Skiermûntseach nei Lauwerseach.

De fearboat nei Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Snein makke Rederij Doeksen al bekend dat ek in tal boaten fan en nei Skylge komt te ferfallen fanwegen it hege wetter. Foar in tal oare ôffearten jilde oare tiden.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje oer de ôffearten op de webside fan Rederij Doeksen en Rederij Wagenborg.

(advertinsje)
(advertinsje)