Famke (4) ferwûne by botsing op Grinzerstrjitwei yn Ljouwert

09 des 2019 - 09:44

In 33-jierrige man út Dokkum is moandeitemoarn krekt foar acht oere ynriden op fjouwer auto's op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. Dat soarge foar in soad ferkearsoerlêst. In famke fan fjouwer jier moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde foar in medyske behanneling.

Foto: AS Media

By de 33-jierrige Dokkumer is flibe ôfnaam foar in test. Dêr die út bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan drugs. Syn rydbewiis is ynnommen.

(advertinsje)
(advertinsje)