Kollum: "De taal fan dyn hert"

09 des 2019 - 08:34

"De ûnderwiisynspeksje stelde ferline wike fêst dat der op de measte skoallen noch altyd te min dien wurdt oan de Fryske taalbehearsking. Deputearre Sietske Poepjes kundige fuort nei it bekend wurden fan dit nijs hurdere aksjes oan. Skoallen dy't net genôch oan it Frysk dogge, soenen neffens har in boete krije moatte. Mar oft dat no de wize is om it Frysk op skoallen wer ta libben te bringen: ik freegje it my ôf.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Leau my: ik bin de lêste dy't sizze sil dat it Frysk net wichtich is op skoallen. Ik bin ôfgryslik bliid dat ik leard ha om it te praten, te skriuwen en te lêzen. Mar wy kinne net ûntkenne dat der de ôfrûne 25 jier in soad feroare is yn it ûnderwiis. Doe't ik op de basisskoalle siet, hiene wy heechút in hantsjefol bern dat gjin Frysk prate. Dat wienen 'de Hollanners'.

Op it plein boarten wy mei elkoar en dienen wy oan taalûntwikkeling. Dat wurke twa kanten op. Wy as Friezen hienen wy it oer 'de buisduik' en 'je kunt wel bij ons uitvanhuis'. Al boartsjendewize learden wy dat dit 'zakdoek' wie en 'logeren'. En de Hollanners wisten tenei wat in bûsdoek wie en by wa't se wol en net út fan hûs woenen.

Eins elkenien by ús op de basisskoalle 25 jier lyn wie Frysk. Dus dat wie logyskerwiis ek de fiertaal yn 'e klasse. Ik wol leauwe dat ik oant en mei groep 8 allinnich mar Frysk praat ha. Ik tink dat as de ûnderwiisynspeksje fan no destiids by ús yn de klasse sjoen hie, dat ús skoalle in boete krigen hie omdat wy net genôch Nederlânsk brûkten. Dêrtroch soenen wy as bern grif allerhanne achterstannen yn ús ûntwikkeling oprinne. Mar sjoch sels, soks falt allegear wol in slachje ta.

Fergelykje ús klasse fan 25 jier lyn mei in klasse no en de ferskillen kinne net grutter wêze. By ús wiene der twa memmetalen: Frysk en Nederlânsk. Hjoed-de-dei kinst dêr mei gemak tsien nije memmetalen oan tafoegje. Turksk, Arabysk, Poalsk, Sweedsk, Sineesk, Spaansk, Dútsk, Russysk, neam mar op. In klasse fan no liket yn gjin inkeld opsicht mear op in klasse fan doe. Bern komme út allerhanne lannen, mei allerhanne talen. It is in rike mjuks oan memmetalen. En just dêr moatte wy wat mei dwaan.

Foarige wike spruts ik mei Joana Duarte, de nije lektor Meertaligheid en Geletterdheid. Sy pleitet foar in holistysk taalbelied op skoallen. Dus net allinnich fokusje op it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk, sa't in soad skoallen dat dogge, mar omtinken jaan oan alle talen yn de klasse. "As der romte is foar dyn eigen memmetaal, kinst dysels in oare taal makliker eigen meitsje", fertelde se. "Pas ast de taal fan dyn hert praatst, komst tichter by elkoar."

En gelyk hat se. Yn plak fan de sticker 'Praat mar Frysk' soe der op alle doarren fan de skoallokalen in sticker mei 'Praat de taal fan dyn hert' hingje moatte. Oft dat no in pompeblêd is of net: dêr taalt dan net ien mear nei."

(advertinsje)
(advertinsje)