Ljouwert stiet takom jier yn fjoer en flam

09 des 2019 - 08:02

It sintrum fan Ljouwert wurdt yn it lêste wykein fan jannewaris opljochte troch it Frânske selskip Compagnie Carabosse. Op it Saailân en it Aldehoustertsjerkhôf komme grutte keunstynstallaasjes mei fjoer. De strjitten en steechjes tusken beide pleinen steane ek yn it teken fan fjoer. It is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert en de legacy organisaasje fan kulturele haadstêd.

Compagnie Carabosse hat alris earder yn Ljouwert west. Yn de simmer fan 2006 mei it evenemint 'Friesland Vaart' en yn de winter fan 2009. De gemeente Ljouwert fynt it belangryk om sokke eveneminten nei Ljouwert te heljen. "Wy hawwe foarich jier sjoen wat keunst en kultuer dwaan kin mei in stêd. Foar de belutsenens fan de ynwenners, mar ek de bestegings yn 'e stêd", seit wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma.

Sjoerd Feitsma oer Compagnie Carabosse

(advertinsje)
(advertinsje)