'Uit onze handen uw tanden' tredde by ferkiezing foar minste slogan

09 des 2019 - 06:59

De slogan 'Uit onze handen uw tanden' fan de Fryske keunstgebitmakker Steven de Vries fan De Jouwer is tredde wurden yn de ferkiezing foar 'Slechtste slogan' fan 2019. De 'winst' gie nei de fiskbar Zilte Zeemeermin út Arnhem. Dy wûn mei de slogan 'Onze vis smaakt als de tongzoen van een zeemeermin'.

Foto: ANP

Op it twadde plak bedarre it UWV, mei harren slogan 'Werken met zinhoud'. It wie foar de achtste kear dat de minste slogan fan it jier keazen waard. De winner krige 24% fan de stimmen. It Fryske bedriuw moast it dwaan mei 11%. Der waard 7055 kear in stim útbrocht by de ferkiezing.

Neffens inisjatyfnimster Tefke van Dijk is it kiezen fan in 'slechtste slogan' net bedoeld om sjen te litten wat goed of fout is. "We willen mensen laten inzien hoe gevarieerd je met taal kunt omgaan en hoe dicht een goede en een foute leus bij elkaar liggen."

(advertinsje)
(advertinsje)